Argyf
Op dizze side fine jo âlde items fan de foarside :

Weest bevlogen

Weest bevlogen

Heapsteaps #9

Keunstinisjatyf VHDG út Ljouwert organisearret ûnder de titel HEAPSTEAPS in searje projekten yn de iepenbiere romte. It Fryske wurd heapsteaps betsjut sa ûngefear 'ûnferwachts, hookstrooks'. VHDG freget ferskillende Fryske keunstners mei harren wurk ûnder en op te dûken op ûnferwachte plakken.  

Machiel Braaksma plukt dingen út it deistich libben, montearret se op 'en nij en kreëarret mei it byld nije situaasjes dy't hilarysk, oandwaanlik, betiizjend, relativearjend of bekommentariëarjend binne. Foar HEAPSTEAPS komt er op 'e lapen mei in 'bewegend' ensemble.  

Op de beide foarste doarren fan in matswarte, yntimidearjend grutte Amerikaanske slide bringt Braaksma in spesjaal ûntwurpen logo oan, mei de tekst: 'Weest bevlogen'. It logo transformearret de auto, mar wichtiger noch: de auto en it logo helje de op it earste gesicht ûnskuldige oprop nei de rappens en de aktualiteit fan 2008. Wein en logo tegearre sprekke ynienen de taal fan dizze tiid. Braaksma ynfiltrearret de hjoeddeistige, flechtige wize fan kommunisearjen en jout flink tsjingas troch mei in tsjinhinger op 'e lappen te kommen, dy't ta besinning oanpoent.

Fan 3 o/m 10 april 2008 rydt de keunstner mei syn bewegend ensemble troch de binnenstêd fan Ljouwert. Op de Keunstvlaai A.P.I. presintearret er de film dy't er fan dizze ritten makket. Tidens de iepening op 10 maaie steane foertúch en bestjoerder op skerp en standby njonken de yngong fan de Gashouder op it terrein fan de Westergasfabriek.  

'Weest bevlogen' is ûnskuldich, skynber achteleas, justjes iroanysk, omtrint komysk, betiizjend en bekommentariëarjend. De stêd, besikers fan manifestaasjes en oar publyk lykje ûnderdiel te wurden fan in kollaazje dy't libbet.  

It embleem 'Weest bevlogen' ferskynt ien kear yn in limitearre oplage fan 200 foar de priis fan € 10,- it stik.