Earder wurk

It eardere wurk fan Machiel Braaksma bestie foar in grut part út lytse, abstrakte byldsjes, sa grut as in gemiddelde kaktus, en hie foar in part in soartgelikense útstrieling.

Jo soene dizze fan tekstyl of plastikklaai makke bylden as personaazjes betitelje kinne, dy't har ynderlike skjintme sûnder skamte bleatjouwe. 

Om it gefoel fan in personaazje - dat aksje ûndernimme kin of op in besteande situaasje ynheakje - yntinser te meitsjen koe sa'n byld fan in attribút foarsjoen wurde.

Sa ferskynden bygelyks ûnder de titel: 'uit de serie Ondernemende Beelden' lúsjefersdoaskes mei de byltnis fan trije bylden derop en op de achterkant it (rêch)nûmer ien, twa of trije. Dizze doaskes wiene in ferlingstik fan de bylden en tsjinnen, om sa mar te sizzen, as ambassadeurs, troch op geskikte gelegenheden, lykas op de iepening fan in eksposysje of yn it skoft fan in foarstelling, prompt oanwêzich te wêzen.




Dizze bylden en de râneferskynsels der omhinne, bygelyks twa animaasjefilms, in medalje, in byld as parasjutist en in memoiresboek ensfh., foarmen de oanlieding foar de útnoeging foar in solotentoanstelling yn it Fries Museum. 

Omdat de lytse bylden earder tentoansteld wiene en de tentoanstellingsromte grut wie, waard besletten om in nij wurk te meitsjen, taspitst op dizze gelegenheid en dizze lokaasje. Sa ûntstie it Cacadoebyld: in grut byld dat de lytse bylden mei-inoar fertsjintwurdigje koe.

Dit byld, besteande út in tal grutte letters op in trailer mei tsien tsjillen, wie om sa mar te sizzen machtige om de earder makke bylden te represintearjen.

De titel fan it byld wie: 'Onbekend woord dat een begrip wil worden' (Ûnbekend wurd, dat in begryp wurde wol) en stuts pontifikaal 4,30 m de romte yn.

It wurd Cacadoe stie foar de hâlding en it gedrach fan de earder makke bylden. Se hiene mei-inoar it wurd Cacadoe as hantekening, keurmerk, groet en as it moast flok oantsjutten en koene no troch middel fan dit byld grut oanwêzich wêze.

medaille

Medalje foar it meast utdaagjend byld

1993 Brûnze, brânwachtread spuite

Yn in lytsere seal, omdoopt ta de 'salon fan it oantinken/it wer yn it sin bringen' waarden alle byprodukten, dy't troch de bylden sels generearre wiene, toand op in mienskiplike sokkel. 

By in dêropfolgjende groepstentoanstelling yn it Fries Museum waard frege om it Cacadoebyld yn kombinaasje mei in nij wurk te eksposearjen.

Fan it oarspronklike byld waard no - yn omkearde folchoarder - in foargeande ferzje makke.

Dit byld krige de titel: 'Proto Cacadoebyld, antydatearre'.

Oan de hân fan it orizjinele byld waard dus in soarte fan oermodel rekonstruearre. 

Yn tuskentiid is it oarspronklike Cacadoebyld yn it gehiel fan it oeuvre fan Braaksma ta in soarte fan ikoan útgroeid.

Earst ferskafte it byld earder makke wurk fan in nije ympuls en no jout it djipte oan nije, besibbe bylden, troch dy as memmebyld hannen en fuotten te jaan. 

Der folge in searje reau, wêrby't Braaksma útgie fan it stânpunt dat wannear in byld in foertúch is, it omtrint automatysk in missy kriget.

Troch in byld de skaaimerken fan in koets, auto of boat mei te jaan, kin it in offinsyf en slachfeardich byld wurde en syn eigen, demonstrative logika hantearje.

In byld dat hjiryn faaks it fierst gie wie in sabeare ûnderseeër, wêryn't de details fan it apparaat omtrint kodearre it wurd Cacadoe foarmen en wêryn't tagelyk it klinyske en de strakke rezjy fan in ûnderseeër nei foaren kamen.

Alles wie organisearre en de letters fungearren as technologyske sintugen.

Machiel Braaksma syn foertugen aktearje as ûnbekende prototypes en pioniers. 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ûnbekend wurd dat in begryp wurde wol

1996 Hout, 430sm x 153sm x 121sm

Happy coincidence

 

 

Coup radical